Earste Frysk 'boargerboskje'

27 mrt 2011 - 14:53

Yn Balk is it earste boargerboskje fan Fryslân oanlein. Omwenners fan de âlde golfbaan hawwe mei de gemeente beammen plante op 'e skeante achterhûs. Dat stik grûn is fan de gemeente Gaasterlân-Sleat. Ofpraat is dat de bewenners in diel sels ûnderhâlde. It inisjatyf komt fan stifting Burgerbosje. Dy wol boargers oantrune om beammen of oar grien te plantsjen. Yn Aldemardum en Bakhuzen wurde ek sokke boargerboskjes oanlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)