Motor ûnderút op klaverblêd
In 23-jierrige motorrider út Grins is sneon ferwûne rekke op it klaverblêd It Hearrenfean. Hy rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn de bocht fan de A32 nei de A7 de macht oer it stjoer kwyt. De motorrider einige yn de berm.
It slachtoffer is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs oerbrocht.