Geweld yn Haulerwyk

27 mrt 2011 - 13:52

Yn Haulerwyk binne sneontenacht trije manlju oanhâlden foar iepenlik geweld. Se krigen spul op in feestje yn de Laweijstrjitte. Dêr wie in 30-jierrige Haulerwykster de doar útset. Hy sei dat er mishannele wie troch in 25- en in 27-jierrige plakgenoat. De 30-jierrige waard sa lulk dat er in rút ynsloech fan it hûs fan ien fan de oaren. Dy smieten op har beurt in betontegel by him troch it rút.

Alle trije hawwe in nacht yn in sel op it plysjeburo sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)