Colorguards Menaam winne NK
De colorguards fan CMH Menaam binne yn Eindhoven Nederlânsk kampioen wurden. Yn de finale hellen de guards fan Menaam in skoare fan goed 85 punten. Dêrmei wiene se fierwei de bêsten. It is de earste kear dat de foulju kampioen wurde.
Colourguards dogge mei attributen lykas flaggen of gewearen oefeningen op muzyk.