1700 hantekens foar bibleteek

27 mrt 2011 - 10:46

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel krijt op 2 april mear as 1700 hantekens oanbean fan minsken dy't fine dat de bibleteek fan Hurdegaryp iepen bliuwe moat. Ferline jier lei der in foarstel op tafel om de bibleteek ticht te dwaan, omdat der besunige wurde moat.

Ferskate organisaasjes giene yn febrewaris by de doarren del om hantekens op te heljen. Op 2000 adressen hellen de organisaasjes 1700 hantekens op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)