Fryske haadklassers winne

Drachtster Boys hat sneon goede saken dien yn de striid tsjin degradaasje troch mei 2-0 fan SDC Putten te winnen. De doelpuntemakkers foar de ploech fan Jan van Raalte wiene Joël Wagenaar en Roelof de Jong. De Drachtsters lykje feilich yn de haadklasse.
ONS Snits wûn mei 1-0 fan it Grinzer Oranje Nassau. Doelpuntemakker wie Chris de Wagt, út in frije trap. Foar ONS liket it seizoen dien, de ploech fan trainer Jan Vlap is feilich.