Bart Rijpma twadde yn Veendam

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Bart Rijpma fan Aldeholtpea is sneon twadde wurden yn de omrin fan de Feankoloanjes. Rijpma, dy't rydt foar de Hanzerenners út Zwolle, moast allinne Cor van Leeuwen út Borger foargean litte.
Yn de earste oere waard der sa hurd troch it peloton riden, dat der 24 ôffallers wiene. Yn de fierder wynstille etappe waard Emiel Klein fan Exloo tredde. De omrin wie de twadde wedstryd yn de klupkompetysje.