Hurdrider rydbewiis kwyt

26 mrt 2011 - 14:55

In 18-jierrige man fan Oerterp is freed syn rydbewiis kwytrekke foar gefaarlik rydgedrach. De plysje seach him op it Riedhúsplein yn Drachten mei hege snelheid achterút fan in parkearplak riden. De plysje folge him fia de Noarderwei nei de Wâldwei.

Underweis ried er 80 op plakken dêr't 30 it maksimum is, 120 dêr't je 80 meie en op Wâldwei ried er 170. By de ôfslach Oerterp koe de man úteinlik oanhâlden wurde. Hy krige in bekeuring en syn rydbewiis waard ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)