Hearrenfeanspilers fuort

Gerry Koning
Sportklup Hearrenfeanspilers Gerry Koning en Kevin Stuhr-Ellegaard sille kommende simmer de Fryske earedivyzjonist ferlitte. Dat is besletten nei in petear mei de technyske stêf fan de klup.
Dêrneist is de klup yn petear mei Calvin Jong-a-Pin, Brian Vandenbussche en Mika Väyrynen om harren kontrakten te ferlingen. De kontrakten fan dy spilers rinne yn de simmer ôf, mar It Fean wol harren graach hâlde.