Havenbedriuw L'each yn neidiel

26 mrt 2011 - 09:03

De haven fan Lauwerseach hat te krijen mei ûnearlike konkurrinsje fan ûnder mear de haven fan Harns. Dat seit Wim Woudstra fan it havenbedriuw.

Oare havens krije direkt of yndirekt stipe fan oerheden wylst sy alles sels betelje moatte. Neffens Woudstra soe dêr de Nederlandse Mededingings Autoriteit - de NMA - wolris nei sjen kinne. It havenbedriuw Lauwerseach is foar 90% yn hannen fan de gemeenten De Marne en Dongaradiel, mar dy betelje net mei oan de eksploitaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)