Skarsterlân wol doarpen hâlde

26 mrt 2011 - 08:57

De gemeente Skarsterlân wol de doarpen Haskerdiken, Nijbrêge en de yndustryterreinen Haskerfean en De Wierde net kwyt oan Hearrenfean. De provinsje fynt dat dat al moat as dy gemeente de fúzje oangiet mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân.

Neffens deputearre Tineke Schokker is de grinskorreksje mei Hearrenfean logysk om't de natuerlike grins, de Hearresleat, folge wurdt. Deputearre Steaten folgje hjirmei it advys fan de kommisje fan Wizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)