Nij plak foar Jouster klokken

Klokmakker oan it wurk
Museum Joure hat der in nije eksposysjeromte by. De eartiidse dakleazeopfang út 1850, it Sael, is renovearre en waard freed offisjeel iepene. Yn it gebou, neist it museum, is no de klokkekolleksje te sjen.
It giet om klokken fan Fryske klokmakkers. Allinnich op De Jouwer al waarden troch de ieuwen hinne mear as 215.000 klokken makke. De kolleksje yn It Sael bestiet út sturtklokken, steande horloazjes, tafelklokken en in sulveren bûshorloazje.