Fúzje Fryske Marren kin troch

25 mrt 2011 - 17:37

Deputearre steaten nimt in diel fan de advizen oer dy't de kommisje fan wizen jûn hat oer in gemeentlike weryndieling yn Fryslân. It giet dan om in fúzje fan de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân en it opdielen fan Boarnsterhim.

De kommisje fan wizen hat noch mear advizen jûn, mar it oardiel dêroer lit deputearre steaten oer oan syn opfolger. Oer dat nije kolleezje wurdt op dit stuit ûnderhannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)