Misbrûk Amelân: 4 oanklage

25 mrt 2011 - 15:11
De kampearbuorkerij by Bueren (foto: Omrop Fryslân)

Fjouwer Dútske jonges út Osnabrück binen offisjeel oanklage foar seksueel misbrûk fan oare bern. De bern wiene ferline simmer mei in sportkamp op It Amelân yn in kampearbuorkerij yn Bueren. Guon jongeren tusken de 13 en 15 jier misbrûkten oare bern út de groep. Seis diene dêrnei oanjefte fan it misbrûk.

De fertochte jongeren sille yn Dútslân foar de rjochter komme. Seis oaren kamen der mei in warskôging ôf.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)