Kontrôle op fout parkearen

25 mrt 2011 - 13:43

Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel wol dat der wer stranger optreden wurdt tsjin minsken dy't de auto fout parkeare. Foar it útfieren fan 'e kontrôles moat in bedriuw ynhierd wurde. Dongeradiel hat sels gjin parkearamtners yn tsjinst dy't de kontrôles útfiere meie. Dêrom waard net op ferkeard parkearen kontrolearre.

De gemeenteried moat noch wol oer de strangere kontrôles op fout parkearen beslute.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)