Nije tennisstichting oprjochte

25 mrt 2011 - 12:21

Der moatte wer mear Fryske tennissers yn 'e top fan Nederlân komme. Dat seit foarsitter Rob Joling fan it distrikt Fryslân fan it tennisbûn KNLTB. Om it nivo fan it Fryske tennisjen omheech te bringen hat er in nije stichting oprjochte. Dy hjit de TTF, Tennis Foundation Friesland.

De stichting stekt jild yn projekten om mear Fryske bern oan it tennisjen te krijen. Dan komme de talenten fansels boppe driuwen, seit Joling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)