Fjouwer lju oppakt foar geweld

De plysje hat de ôfrûne nacht yn Snits fjouwer minsken oanhâlden foar geweld. Op de Steenklip is in rút fernield, en op de Priorstrjitte melde in 55-jierrige man dat er mishannele wie troch in man en in frou.
Foar de mishanneling binne in man fan 41 jier út Snits en in like âlde frou út Aldegea oanhâlden. Twa Snitsers fan 25 en 33 jier binne foar de fernieling oanhâlden. De plysje tinkt dat beide saken mei-inoar te krijen hawwe.