Himpkwekerij yn Wommels

25 mrt 2011 - 10:35

Yn Wommels hat de plysje tongersdei in himpkwekerij ûntromme. Yn in wente oan De Bosk fûn de plysje nei in tip 230 planten. Boppedat waard in heale kilo droege himp fûn.

De plysje hat op basis fan de opbringst fan de kwekerij foar 800 euro oan kontant jild en elektroanika yn beslach naam. De eigner sil letter noch oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)