Flaters by sporthal Frjentsjer

24 mrt 2011 - 22:45
De Trije, hjir noch yn oanbou

Der binne flaters makke by de bou fan de nije sporthal by De Trije yn Frjentsjer. No al docht bliken dat de yndieling fan de hal net optimaal is en dat in soad saken net goed wurkje.

Sa lizze der oerol drompels en lizze de klaaikeamers te fier fan de sporthallen ôf. De klaaikeamers binne net goed skjin te meitsjen en de tribunes steane los. Troch alle drompels kinne de behearders de gongen net skjinmeitsje. Dit kostet jierliks 30.000 ekstra.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)