Goed herstel Sven Kramer

Sven Kramer is posityf oer it herstel fan syn blessuere
It giet hieltyd better mei Sven Kramer. De reedrider rekke fan't simmer blessearre en moast it ôfrûne seizoen oan him foarby gean litte. Yn it tillevyzjeprogramma Boppeslach Kafee sei Kramer tongersdei dat er it swier fûn om it seizoen op te jaan.
Hy is lykwols posityf oer syn herstel en tinkt yn it nije reedrydseizoen wer fit oan de start stean te kinnen. Syn doel is om te piken op de Olympyske Spelen yn 2014, yn it Russyske Sotsji.