Voicemail Vodafone net feilich

24 mrt 2011 - 19:47

Tillefoanprovider Vodafone hat de befeiling fan syn voicemails noch hieltyd net goed op oarder. Dat seit de Ljouwerter NHL-studint Sander Akkerman. Akkerman kin fia in website noch hieltyd de voicemails fan Vodafone-klanten beharkje.

Hy bewiist syn teory mei in test foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân. Foar dy test brekt Akkerman ûnder oaren yn by de voicemail fan in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)