F16's ôfset foar missy-Libië

24 mrt 2011 - 16:34

Seis F16's binne tongersdeitemiddei fan de Ljouwerter fleanbasis ôfset nei it Italiaanske eilân Sardinië. Se sille dêrwei meiwurkje oan kontrôle fan it wapenembargo tsjin Libië. Mei-elkoar dogge twahûndert Nederlânske militêren mei oan de operaasje.

De missy betsjut wol in oanslach foar de basis fan Ljouwert, omdat sy ek al aktyf binne boppe Afganistan. Boppedat hâlde se har ek noch dwaande mei de befeiliging fan it Nederlânske loftrom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)