Huizenga klear mei WK

24 mrt 2011 - 15:27

Jenning Huizenga is op it WK baanhurdfytsen yn Apeldoorn teloarstellend as tsiende einige op de yndividuele achterfolging. Huizenga gong foar it fjirde plak, mar dat siet der net yn.

Mei in tiid fan 4.30 minuten einige Huizenga mar leafst 13 sekonden efter de nûmer ien Jack Bobridge. Troch in blessuere hat Huizenga lang útskeakele west en wie er gjin medaljekânshawwer, mar it tsiende plak fâlt wol ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)