Djoere stellen boat weromfûn

Foto: www.dadergezocht.nl
De boat fan likernôch 100.000 euro dy't ferline wike stellen waard yn Boarnsweach is weromfûn. De flet ferdwûn út in skipshûs fan in fakânsjewente oan de Boarnsweachsterdyk. Foarbygongers seagen de boat by de Trambrêge tusken De Jouwer en Snits lizzen. Se joegen dat troch oan de plysje
De boat is fan in 63-jierrige man út Boalsert. De besûndere boat is fan teakhout. Hy is boud yn 1991.