Anne sjongt titelsong film

Opnames fan Penny Shadow op It Amelân (foto: Omrop Fryslân)
Anne Hoogendoorn út Goaiïngea sjongt de titelsong fan de film Penny Shadow fan regisseur Steven de Jong. It ferske hjit 'Bezeten van jou'. Hoogendoorn waard bekend troch de talintejacht 'The Voice of Holland'.
Penny Shadow giet oer it drama mei de hynders fan de rêdingsboat op It Amelân yn 1979. Se ferdronken yn see doe't se dwaande wiene in rêdingsboat yn it wetter te slepen. De film is opnaam op it eilân. Hy giet yn juny yn premjêre.