Feanfroulju ferlieze topduel

24 mrt 2011 - 00:08

It frouljusteam fan sportklup Hearrenfean liket ôf te heakjen yn de striid om it kampioenskip. De ploech fan trainer Rick Mulder ferlear woansdeitejûn de útwedstriid mei 3-0 fan koprinner FC Twente.

De Tukkers skoarden op krúsjale mominten; krekt foar en krekt nei rêst. Yn de einfaze waard it foar de statistiken noch 3-0. Hearrenfean is no fjirde en hat seis punten efterstân op nûmer ien Twente. De kompetysje bliuwt mei fiif duels te gean spannend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)