Grindheim wol fuort

Christiaan Grindheim op 'e praatstoel op 'e Noarske TV
Christian Grindheim wol nei dit seizoen Hearrenfean ferlitte. De middenfjilder seit dat tsjin it Noarske TV2. Grindheim jout oan dat hy in nije útdaging wol. 'Ik tink dat ik it nivo yn de Dútse Bundesliga wol oan kin.' Grindheim sei ek dat it by Hearrenfean net sa goed rint 'mei de nije trainer en de nije spilers'.
Grindheim is dwaande oan syn fjirde seizoen by Hearrenfean. It kontrakt fan de Noarsk ynternasjonal rint noch in jier troch.