Kazemattemuseum ferboud

It kazemattemuseum yn Koarnwertersân moat better berikber wurde. It museumbestjoer wol dat dat by plannen foar it fernijen fan de Ofslútdyk meinommen wurdt. Besikers moatte no op in ôfstân parkeare en dêrnei kuierjend fia in tal treppen by de yngong fan it museum komme. Foar de doar útstappe kin allinnich as dat yn 't foar meld wurdt.
It museum wurdt jierliks troch sa'n 14.000 minsken besocht. Woansdei waard it fernijde besikerssintrum iepene.