Topstik foar Hannemahûs Harns
Museum it Hannemahûs yn Harns hat in seldsume sulveren teebus yn syn besit krigen. De teebus is yn de 18e ieu makke troch de Harnzer sulversmid Sybren Pieters Sonnema.
It museum hat de teebus krigen mei help fan de Ottema-Kingma-stichting en Vereniging Rembrandt. De teebus is in goed foarbyld fan de hege kwaliteit fan it wurk fan de Harnzer sulversmidden út dy tiid.