Swelletillen helpe by nestelje

23 mrt 2011 - 14:15

Sweltsjes kinne har tenei makliker yn Fryslân nestelje. It bûn fan Fryske fûgelwachten hat de ôfrûne dagen op sa'n tsien plakken swelletillen delset. Ien fan dizze tillen is woansdei offisjeel yn gebrûk naam. Der is plak foar 30 pearkes.

It giet de lêste jierren hieltyd minder mei de sweltsjes. Benammen yn Afrika hawwe de bisten it dreech. It BFVW wol de fûgels dêrom helpe, want dat nesteljen wurdt hieltyd dreger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)