Rekonstruksje ûngelok Ljouwert

23 mrt 2011 - 13:52

De plysje hat woansdei in rekonstruksje fan it ûngelok yn Ljouwert dien dêr't Eeuwke Reidsma by om it libben kaam is. De auto dy't by it ûngelok belutsen wie, waard brûkt by de rekonstruksje. Ek it Iepenbier Ministearje wie oanwêzich. Troch de situaasje nei te spyljen hopet justysje mear dúdlikheid te krijen oer hoe hurd oft de auto ried.

Op 11 maart waarden Reidsma en syn dochter oanriden troch in Ljouwerter (39). Hy hie tefolle dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)