Nije ienmansfraksje yn ried

23 mrt 2011 - 11:22

Dirk Dubling is opstapt as fraksjefoarsitter fan Weststellingwerfs Belang. Hy jout syn sit yn de gemeenteried fan Weststellingwerf net op, mar giet fierder as ienmansfraksje ûnder de namme Vrijheid voor Allen.

Dubling hat syn beslút naam fanwege 'ynterne kwestjes.' Weststellingwerfs Belang hâldt no trije sitten oer. Dubling begûn nei de ferkiezings fan ferline jier as riedslid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)