Brân op camping Lytse Wielen
In fûle brân hat tiisdeitejûn twa aluminium steankaravans op de camping de Lytse Wielen by Ljouwert folslein fernield. It fjoer wie meters heech en fan in grutte ôfstân te sjen.
De brânwacht hie grutte muoite om it fjoer te blussen. Twa gasflessen koene rêden wurde. Oer de oarsaak is noch neat bekend.