Van den Belt direkteur Cambuur

22 mrt 2011 - 22:41

Gerald van den Belt bliuwt ek takom seizoen direkteur fan Cambuur. Hy krijt de portefúlje finânsjes en technyske saken ûnder syn bewâld. Dat befestige ûndernimmer en jildsjitter fan Cambuur, Ype Smid, tiisdeitejûn op de bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert. Van den Belt is al waarnimmend direkteur sûnt Alex Pama begjin dit jier fuortgie by de klup.

Foar de funksje fan kommersjeel direkteur hopet Cambuur de kommende twa wiken de werving rûn te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)