Ferset Grou tsjin heechbou

22 mrt 2011 - 20:13

In groep ynwenners fan Grou ferset him tsjin nijbouplannen yn it âlde diel fan it doarp. De groep makket him slimme soargen oer de plannen fan de gemeente mei de Volmawei/Gedempte Haven. Dêr soenen njoggen hearehuzen en in appartemintekompleks komme moatte. Dat lêste soe fjirtjin meter heech wurde moatte.

Neffens de tsjinstanners binne de nijbouplannen yn striid mei it beskerme doarpsgesicht, dêr't dit stikje Grou ûnder falt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)