Gea: ûndersyk nei guozzen

Boeren hawwe lest fan de guozzen
It Fryske Gea sil ûndersyk dwaan nei it gedrach fan guozzen yn Fryslân. Sûnt ferline jier prikt it Gea yn maart de aaien fan alle nêsten fan skiere guozzen om foar te kommen dat de aaien útkomme. Dit om boeren temjitte te kommen. De bisten frette it lân fan boeren keal en de boeren ha dêr in soad skea fan.
Twa studinten sille no ûndersykje wat it effekt fan it prikken fan de aaikes is en hoe't de guozzen harren gedrage.