Wurdearring foar bus eilannen

Ferfiersbedriuw Arriva fan It Hearrenfean hat mei it busferfier op de Waadeilannen it earste plak helle op de saneamde OV-Klantenbarometer. Arriva krige fan 'e reizgers in 8,3.
De Wetterbus tusken Dordrecht en Rotterdam fan Arriva en reder Doeksen stean op it twadde plak. Der komme gjin treinferbinings fan Arriva yn de Top 10 foar. Wol krije de treinlinen in 7,2 of heger. De barometer is in jierliks ûndersyk ûnder mear as 90.000 reizgers.