Bedriuw ûndersiket gaslekken

22 mrt 2011 - 11:40

It bedriuw Reggefiber is in ûndersyk begûn nei meiwurkers dy't gaslekken net melde mar bedobje. Enexis hat skjin syn nocht en wol dat hjir wat oan dien wurdt.

Neffens projektlieder Reinder Benedictus fan Reggefiber binne de omstannichheden yn Ljouwert dreech, omdat de tekeningen en it liedingnetwurk slim ferâldere binne. Gaslekken binne dan ek net foar te kommen. Benedictus fynt wol dat elts gaslek goed ôfhannele wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)