Frou rydt troch nei ûngelok

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok fan ôfrûne freedtemiddei by it terrein fan sikehûs MCL yn Ljouwert. In motorrider ried dêr tsjin de achterkant fan in wite auto, omdat dy samar ynienen stil stie.
De motorrider foel troch de oanriding en bruts syn kaaibonke. De autobestjoerster ried nei it ûngelok troch, sûnder om te sjen nei de motorrider. De plysje is no op syk nei har.