Dongeradiel skoart wat better

22 mrt 2011 - 10:10

De ynwenners fan Dongeradiel binne wat better te sprekken oer it wurk fan 'e gemeente. Yn fergeliking mei in ûndersyk fan twa jier lyn binne de Dongeradielsters mear tefreden oer it wurk dat de gemeente docht.

Lykas tal fan Fryske gemeenten docht Dongeradiel mei oan it ûndersyk 'waar staat je gemeente' fan de feriening fan Nederlânske Gemeentes VNG. Yn fergeliking mei in soad oare gemeenten skoart Dongeradiel noch wol yn trochsneed ûnder it gemiddelde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)