Ien helpferliener Ljouwerters

21 mrt 2011 - 22:08

Ljouwerters dy't gebrûk meitsje fan helpferlienende ynstellings krije tenei te meitsjen mei ien helpferliener. Alve opfang- en wolwêzensynstellings, skoallen en de gemeente ha dêr ôfspraken oer makke.

De soarch moat no minder burokratysk wurde. De helpferliener krijt ek mear foech. Sa moat it mooglik wurde ien begeliedingsplan te meitsjen foar in kliïnt mei problemen. Ljouwert is foarearst de iennichste gemeente yn de provinsje dy't sa wurket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)