Waadfûns nei provinsjes

21 mrt 2011 - 20:41

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân krije sizzenskip oer it Waadfûns. Dat hat minister Schultz fan ynfrastruktuer en miljeu bekend makke. Earder hie it ryk de sizzenskip, mar dat lûkt him werom.

De provinsjes binne bliid mei it beslút, mar hawwe as betingst wol dat neist de ferantwurdlikheid ek it beskikbere jild nei de provinsjes giet. It Noarden krijt 800 miljoen euro as kompensaasje foar de gaswinning ûnder de Waadsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)