Novolectriq wer yn Ljouwert

It bedriuw Novolectriq dat yn febrewaris fallyt gie, is nei de trochstart wer werom yn Ljouwert. In jier lyn waard it bedriuw mei in soad subsydzje nei de stêd helle. Doel wie om yn Ljouwert ûnderdielen te meitsjen foar elektryske auto's, mar dat kaam noait fan de grûn.
De oarspronklike inisjatyfnimmer fan Novolectriq hat it bedriuw nei it fallisemint wer weromkocht. No sil Novolectriq advys jaan oan bedriuwen dy't elektryske auto's ha wolle.