Feanfans swier teloarsteld

21 mrt 2011 - 12:12

Trainer Ron Jans moat stranger optrede tsjin de spilers fan SC Hearrenfean. Dat is it advys fan de fanklup Nieuw Noord. De lêste tiid giet it net goed mei de fuotbalklup, Hearrenfean ferlear ôfrûne wykein mei 4-2 fan Heracles Almelo en it seizoen liket foar de fuotbalklup dêrom no al dien te wêzen. Boppedat sit Europeesk fuotbal der nei alle gedachten ek net mear yn.

Neffens Nieuw Noord soe it goed wêze om mear yn spilers te ynvestearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)