Deade by bedriuwsûngelok Blije

21 mrt 2011 - 12:03

By in bedriuwsûngelok oan de Heskamperwei yn Blije is moandeitemoarn omtrint healwei alven in man swierferwûne rekke en letter yn it sikehûs ferstoarn. It slachtoffer wie oan it wurk op in pleats en waard oerriden troch in foarkheftruck. Hy hie ûnder oare meardere botbreuken.

De helpferlieners hawwe de man op it plak fan it ûngelok stabilisearre en in traumahelikopter waard oproppen. Hy is de middeis yn it sikehûs yn Ljouwert ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)