Opskuor troch nepwapen

In man en in frou út Capelle aan den IJssel binne sneintemiddei oanhâlden op de ôfrit fan de sneldyk by De Lemmer. Tsjûgen hiene de 32-jierrige man yn de Gruttostrjitte op It Hearrenfean sjoen mei wat se mienden dat op in wapen like. Nei de melding gienen ferskate plysje-ienheden nei de strjitte, mar de man wie al fuort.
By De Lemmer waard er oanhâlden en mei it hiele gesin is er nei it buro brocht. Al gau die bliken dat it om in boartersguodpistoal gie, dat echt like.