Ferwûne by brân Heech

21 mrt 2011 - 09:29

By in brân yn in wenning oan de Djipsleatswei yn Heech is moandei ien persoan ferwûne rekke. Dy krige safolle reek binnen, dat it slachtoffer nei it sikehûs moast.

Tsjûgen melden tsjin healwei njoggenen dat de wenning fol reek stie. Op dat stuit wiene der twa minsken yn it hûs. Ien fan har moast nei it sikehûs, de oar hie neat. De brân is yntusken ûnder kontrôle. De wenning hat flinke reek- en wetterskea oprûn. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)