Fernielings yn tun Stynsgea

In 24-jierrige man út Stynsgea is sneontenacht oanholden foar fernielerij. By in tún fan in hûs oan de Geawei wiene in soad saken fernield. De bewenster waard wekker fan lûden yn har tún en seach de 24-jierrige man fuortdraven. De warskôge plysje koe mei in goed sinjalemint de fertochte gau oanhâlde en ynslute.
Troch alle spanning waard de frou net goed en moast troch ambulânsepersoniel behannele wurde.