Goeiedoelen aksje 1800 euro

Riedslid Karin Vasbinder iepenet de meterkast
De goeiedoelen aksje fan in groep studinten om ien wike sûnder stroom te wenjen yn in wente oan de Hollanderstrjitte yn Ljouwert is dien. Der is goed 1800 euro ophelle foar fjouwer goeie doelen. De stroom waard der wer opset troch VVD-riedslid Karen Vasbinder-van Loon.
De dielnimmers hienen foaral sin oan in waarme dûs en woene sa gau mooglik de mobile telefoan wer oplade. Wichtichste doel wie om sjen te litten dat je ek mei minder enerzjy ta kinne.