Brân yn natuer by De Westereen

20 mrt 2011 - 16:26

Yn in stik natuergebiet by it Falomsterpaadsje ûnder De Westereen hat snein in flinke brân west. Dêrby giene tsjokke reekwolken de loft yn dy't oant yn de fiere omkriten te sjen wiene.

Brânwachtminsken hawwe mei fjoerswipen en wetter de brân dwêst. In grut stik natuergebiet is ôfbrând. Nei de oarsaak wurdt noch ûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)